Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skrepperslot

Keunst
PDF Print E-mail
fan Vincent van Gogh*

Image

Se lizze breed oer ’t gea ferspraat,
de klinten yn de rêst en ’t wurk
fan folk, betûft op eigen mêd,
mar weidûkt ûnder ’t grauwe swurk
en fier fersmiten troch de stêd.

Image

Want nei it stedsfolk rint gjin paad,
se folgje ’t spoar nei eigen grûn
foar ’t dollen fan it jirpelgat;
har libben is oan ’t lytse bûn
en ’t grutte hinget ôf fan ’t lot.

Image

En hat it lot ta ’t grutte laat,
dan bûcht de rêch fan ’t frouljusspan
foar ’t dollen fan it jirpeltal;
it swurk, dêr is gjin sizzen fan,
mar ’t folk praat oer it skreppen wol.

* Vincent van Gogh (1853-1890)
skildere yn syn begjinperioade
it boerefolk fan Drinte
yn donkere kleuren.

admin

Kristus en de Samaritaanske

Keunst
PDF Print E-mail
fan Bernardo Strozzi*

Image

Hy wie net ien fan fijântinken
wylst sy hifke elke man
op uterlik
en frege amper nei syn fan,
betsjinne him dan op syn winken.

Hy frege har om wat te drinken
wylst sy wie folslein ferheard
oer ’t uterlik:
in Joad, dat like har ferkeard,
koe dochs net op har sûnens klinke.

Doe liet er har ’t ferline skinke,
folle bekers yn de ban
fan ’t uterlik
fan fiif kear falle op in man,
’t bestean fan blinke en fersinke.

Fersûpe soe se net, mar swinke
nei de djipte fan ’t bestean
yn ’t inerlik,
ien folle beker waard har bean
fan libben wetter om te drinken.

* Bernardo Strozzi (1581-1644),
in Franciskaan,
wurke as skilder
yn Genua en Fenetië.  

< Foarige

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum