Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Streaming

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Brueghel*
fan Christiaan Krohg**

Image

It doarp hat fan de fierte dreamd,
wurdt wekker mei in tichte kym,
hoewol’t it blau sprekt fan de sinne,
syn rivier noch altyd fierder streamt,
wa wit wêrhinne.

It folk, minskmachtich op it wiet,
sit proppe yn in nutedop,
foar ’t each sa klear as wetterkrobben,
streamt mei syn rivier lykop,
sa tusken tobben.

Gjin hoarizon is mear te sjen,
sa stoot mei wynkrêft acht it skom
oer hege weagen witwêrhinne,
wylst de waakse seeman freget om
in glimke sinne.

Hy hat de streaming kommen sjoen
en triuwt mei krêft it roer yn lij
om fan ’t geweld it spul te winnen,
in tel om neat is der net by,
hy is allinne.

Image

* Jan Brueghel (1568-1625)
paste in fine skildertechnyk ta
mei de klam op details.
Hy wurdt wol
de Flewielen Brueghel neamd.

** Christiaan Krohg (1852-1925)
brocht de ideeën fan
it Frânske Realisme yn Noarwegen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum