Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op hichte

Keunst
PDF Print E-mail
fan Charles Lebrun*

Image

It hynder stiget net foar it toernoai,
it is gjin ridder mei de lâns
dy’t wachtet op syn kâns
de ealfrou oan de ein te tútsjen,
mar ’t is de kening oan de roai.

Hy presintearret him as Loadewyk
de Fjirtjinde yn sinneglâns,
as stjer it paad bylâns
fan nei de striid de folle gloarje,
heech op ’t hynder, grut syn keninkryk.

Sy presintearret him as Loadewyk
fan noch mar twa, mar hiel wat mâns,
yn ’t jurkje yn balâns
op ’t keninklike read, op hichte
fan syn hynderke en grut gelyk.

Image

* Charles Lebrun (1619-1690)
waard yn 1662 hôfskilder fan
kening Loadewyk XIV en dêrmei
de lieder fan de Frânske keunst.
Hy hie ek de lieding oer grutte
bouwurken, ûnder oare
it paleis fan Versailles.
Skilderij ‘Ruterportret fan Loadewyk XIV’
Skilderij ‘Anna fan Eastenryk en har soan
Loadewyk XIV’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum