Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rein, stoom en gong

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Image

It waar wie min, de twirren jagen
storein oer ’t ferlitten oard
mei inkeld stêven rinnend nei ien punt;
sa wiisden waar en stiel nei noard
as wie ’t yn ’t lêste fan de dagen.

Mar ’t wie de nije tiid dy’t dage,
rôljend dreunde ’t meunster oer
de parallelle spoaren nei ien punt;
it blaasde reek, koe rêst noch doer,
hystearysk sa’t it fierder jage.

Mar koe in doek sa’n meunster drage
yn in flaach dy’t wiske foarm
en kleur fan ien dy’t draaide om ien punt?
Sa’n gek ferkearde yn in stoarm,
hystearysk yn syn lêste dagen.

* William Turner (1775-1851)
wie in Ingelske skilder fan
foaral seegesichten.
Doe’t er santich jier wie,
makke er it ôfbylde skilderij,
dat it publyk fanwege de styl
net wurdearje koe.

admin

Jûnslânskip mei spinster

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean Antoine Watteau*

Image

De ets fan Rembrandt wie it byld
dat joech de skilder ynspiraasje
foar syn kleuren fan de jûn
dy’t oerkaam leaflik myld
om’t hy bespile har mei graasje.

Sy siet dêr al de hiele jûn,
de hannen warber mei it spinnen
wylst it each de fierte socht
oant sy de keppel fûn
by wolkewol en reade sinne.

Hy rûn dy jûn de skiep bylâns
ferlegen mei syn lege hannen
mei it each op ’t lette ljocht
dêr’t lei syn kreaze kâns,
fergetten wiene oare plannen.

Sy seach him slûpen tichterby,
hy wie der, seach har bleate fuotten,
hie gjin each foar skiep of wol,
mar liet har sjen hoe’t hy
de fingers slûpe liet oer gatten.

Image

* Jean Antoine Watteau (1684-1721)
skildere in dreamerige fantasywrâld,
mar wol basearre op ‘e realiteit.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum