Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dizige swetten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De dize waret noch rûnom
en hat de kimen wiske,
smoart de wetterlûden, stom
as yn de netten fisken.

In aak dûkt út ‘e flarden op,
hat neat mear te fertellen,
want it dakron leit al slop,
it skip komt oan de peallen.

Ynienen strykt de wyn oer ’t wiet
en skuort de fierte iepen,
sjongt de mar syn rûzjend liet,
komt op wat lei te sliepen.

Gjin peal hâldt dizze rige fêst,
se farre troch de netten
fan de dize sûnder rêst,
ferlizze sa de swetten.Image

admin

Keunst dy’t spoart

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Tusken stammen wize noch de rigen
bûgd en streekrjocht nei de kym,
de spoaren fan de giele groei,
de fruchten, no noch mar in skym
fan oer, de modder sil net lige.

Mânske meunsters ha op ripe fjilden
razend harren wurk wer dien;
nei iere bloei en lette groei
de stâlen fan de woartels snien,
se spuiden finer út as wat se tilden.

Tusken bloei en blêd bewize spoaren:
dizze meunsters hawwe stoeid
om los te bliuwen fan de drek;
it lânskip mei syn spoaren boeit
as byldzjend keunstwurk mear as ea tefoaren.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum