Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Keunst dy’t spoart

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Tusken stammen wize noch de rigen
bûgd en streekrjocht nei de kym,
de spoaren fan de giele groei,
de fruchten, no noch mar in skym
fan oer, de modder sil net lige.

Mânske meunsters ha op ripe fjilden
razend harren wurk wer dien;
nei iere bloei en lette groei
de stâlen fan de woartels snien,
se spuiden finer út as wat se tilden.

Tusken bloei en blêd bewize spoaren:
dizze meunsters hawwe stoeid
om los te bliuwen fan de drek;
it lânskip mei syn spoaren boeit
as byldzjend keunstwurk mear as ea tefoaren.

Image

admin

Gaoatysk hichtepunt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sjoch hjir it wurk fan minskehannen,
geometrysk yn syn hiele hear en fear
en stap foar stap de hichte yn,
sa komt er foar ’t gefoel wol klear,
syn wurk yn allerhande stannen.

Syn hannen slacht er oan de seage
as it groeiend hichtepunt is net nei ’t sin,
hy koartet dan it houtwurk yn;
foar ’t nije libben gjin gewin,
de beam is fan syn woartels reage.

Sjoch hjir hoe’t kânsen wolris keare
mei de groei fan parasiten op ‘e stam
tsjin hannen oan de seage yn,
sa wint de gaos fan de swam
it fan it metryske mei eare.Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum