Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fretbuffet

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De hiele simmer ha se wrotten
foar it deistich stikje fleis,
earst fleanend ûnderweis,
dan oeren stilstean foar it skot.

Se fongen mûzen, kikkerts, rotten,
soms in fiskje as dessert,
wie ’t hjir net, dan wol dêr,
want fleanend jachtsje wie har lot.

Image

Mar komt de hjerst, dan fleane reagers
nei ien plak, it fretbuffet,
want better is der net:
mar ien tel stilstean foar it skot.Image

admin

Hjerstharmony

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Lit my it túch rap hysje
om’t it mei dit hjerstwaar kin:
de harmony fan wyn en sinne
lit ús sulverweagen sjen.

Ik kin it hjoed allinne
om’t it hjerstwaar noch net beart
en lis de holle yn de nekke,
sa ha ik it silen leard.

It faantsje kin fertelle
oer de kueren fan de wyn:
de skoaten oan en dan wer fiere,
sa syl ik de fierte yn.

Image

‘k Bin ien mei wyn en weagen,
fiel my optild om’t ik stjoer
en hysje oan de beide skoaten,
sa sweef ik it wetter oer.

Mar moarn, wurdt sein, is ’t kloaten
mei it waar, want it wurdt hjerst:
de harmony fan stoarm en baren
raast: it sweven hat wol west.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum