Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjin de trend

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
De stoarm sloech ta en naam se mei
al draaiend op ‘e twirren,
gjin wûnder, want it is de trend:
it âlde rekket wei,
’t komôf bekend.

Mar frjemd genôch kaam ek noch del
it wurk fan minskehannen,
oan stoarmich waar alhiel net wend.
Te rôze en net yn tel?
’t Wie ûnbekend.

In twirre liet in wûnder sjen:
in blom mei trije blêden,
wat yngie tsjin de sirkeltrend:
it âlde giet ferlern,
’t komôf bekend.

Image

admin

Maya’s beammen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De Maya’s holden op mei tellen,
want it wie de ein fan ’t liet
oer alles wêr’t it hert foar kloppe…
koe in minske mear fertelle?

It rûze troch yn tal ferhalen
oer dat hjoed de wrâld fergiet,
oant no ta hat dat liet net kloppe,
klinkt dochs noch yn sechtich talen.

Image

De himel stie faak yn it teken
fan de swarte wolk yn bloed,
beskreaun op ierde, jûn fan boppen,
gaadlik foar seis tongerpreken.

Mar by ’t lemieren steane beammen
fan de Maya’s rjocht oerein,
ferwachtsjend alle heil fan boppen,
sjonge wylst wol santich stimmen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum