Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stil

Keunst

fan anonym*

It fielt hiel sêft
en kin wat sizze,
sy wit it wis,
sil daliks hearre
hoe’t it samar foel,
’t lei op ’e grûn,
sy liet it sa net lizze.

It bliuwt hiel stil,
soe ’t net mear witte
wat fleanen is?
It leit te sliepen
sa’t sy nachts ek docht,
net op ’e grûn…
kin sy it fleane litte?

It fielt net goed
om neat te sizzen,
want wat der is,
kin sy net witte
as it neat mear seit…
’t lei op ’e grûn,
sil sy it dêr wer lizze?

* Skilderij út ’e earste helte
fan de 16e iuw




admin

Gods gloarje troch syn folk

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Ik sil de folken witte litte
hiel myn gloarje troch it folk
dat Ik útkeazen ha as
wie it op ’e wrâld myn bern,
mar dochs… de leafde gie ferlern.

Dit folk woe neat mear fan My witte,
kearde My de rêch ta, dat
Ik ha itselde dien: it
folk ferkeart yn Babelsk gea,
mar leafde bliuwt, ferliest it nea.

Ik sil yn ’t lot in omkear bringe,
nim myn folk yn leafde oan,
it sil op eigen grûn wer
wenje, foar gjinien benaud,
omdat it My folslein fertrout.

Ik sil de folken witte litte
dat myn leafde foar myn folk
it wûn hat fan kweamachten,
Israel is as myn bern,
’t is rûnom op ’e wrâld te sjen.

Yllustraasje ‘Gods gloarje’

PS Dit wiene de wurden fan de âlde profeet Ezechiël.
Hy soe him yn syn grêf omdraaie as er te witten kaam
hoe’t ‘syn’ folk hjoed de dei genoside pleecht.

 


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum