Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ganymedes op wjukken

Keunst

fan Peter Paul Rubens*

Se binne yn de wolken,
alle goaden en goadinnen,
sittend oan in hearlik miel
mei ambrosyn en nektar,
dy’t ferheegje harren sinnen.

Dan sjocht Zeus Ganymedes,
dy’t by harren op besite
komt, net heger as de wolk
dy’t skiedt de minsken fan de
goaden, dat moat Zeus grif spite.

Dus transformearret hy him
yn in see-earn, dy’t de jonge
op syn wjukken troch de wolk
tilt, om’t er smoar fereale
is, sa hat er syn proai fongen.

Se binne yn de wolken
mei de jonge, dy’t foar harren
ambrosyn en nektar skinkt,
behalve Zeus syn Hera,
dy ferflokt it bleate barren.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Ganymedes’


admin

Leech godsbyld

Polityk

fan ûnbekend*

‘Meitsje dy gjin byld,’
sa sei de god fan Israel,
‘in byld fan my seit neat
hoe’t ik nei wierheid bin,
elk byld leit my leech del.’

Israel naam skyld
en spear yn it beloofde lân,
sjit hjoed de dei mei tanks
op boargers net te min,
in byld út it ferbân.

‘Lit ús meitsje ’t byld
dat mei de Palestinen spot,’
woe Israels soldaat,
‘dat folk is ús te min,
wy byldzje út syn lot.’

Sjongend ha sy dield
minachting foar de lijenswei
fan ’t folk dat neat mear hat…
wat hat har god foar sin
as byld dat him leech leit.

* Yllustraasje ‘Arke as troan fan Israels god’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum