Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Keninklike mar

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Kom nei de keninklike mar
en sjoch de skientme fan it lânskip:
bergen boppe ’t blinkend wiet,
ferbyldzjend in Noarsk fjord,
wat Dútslân al net biedt.

Kom nei de keninklike mar
en sjoch it kleare skjinne wetter,
dat men net bedjipje kin
mei dûken sûnder lucht,
al swimmend wurdt men skjin.

Kom nei de keninklike mar
en harkje nei de djippe stilte
fan in kajak sûnder lûd
dy’t nei de fierte glydt,
dat docht de kening goed.

* Foto ‘Köningssee yn Beieren’


admin

Warskôging fan Atlantis

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Ubatuba is de namme,
klinkend oer it Fortaleza-strân,
in echo út in skjin ferline,
doe’t it wâld noch lieten song
oer sterke woartels, hege stammen.

Doe’t Atlantis, eal fan namme,
bloeide legindarysk boppe ’t strân,
liet har ljocht oer weagen skine,
mar troch wanbelied djip sonk,
it folk hat him dêr net foar skamme.

Sil ’t Atlantysk wâld ek sinke
lykas doe Atlantis mei syn strân?
Lit Ubatuba net ferdwine
yn ’t klimaat fan ‘gean dyn gong’,
te let is ’t as dyn bern ferdrinke.

* Foto ‘Fortaleza-strân yn Ubatuba, Brazilië’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum