Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Mearkleurich

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Sjoch Petty Harbour feilich lizzen
ûnder hichten grien fan hoop
op telefyzjestjerren,
bringend bylden oer de wrâld,
mei wurden is it min te sizzen.

Earst wie ’t in skûlplak foar piraten,
útfalbasis read fan bloed
dat sy foar eagen hiene
as sy makken seelju kâld,
mei har foel dan net mear te praten.

Sjoch Petty Harbour mei toeristen
by de stream lâns, spegeljend
de blauwe loft mei wolken;
Petty Harbour-Maddox Cove
foar kristenen en ateïsten.

Foto ‘Petty Harbour-Maddox Cove’

 

admin

Sicht op it libben

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

It libben is lykas in wei
dy’t elkenien ôflizze moat,
it giet mei faasje yn ’t begjin,
de ein telt mannich stroffelstien,
wa’t trochset, treft it net sa min.

Sjoch Fortaleza Canyon,
it paad dêrhinne liket flak,
mei faasje giet it yn ’t begjin,
mar mei it tempo is it dien
wannear’t men amper rinne kin.

Wa’t trochset, krijt perfoarst gjin spyt,
sjocht ûnder him syn libben wer:
de stream krijt ûnderoan frij baan,
eroazje djippet út de kleau…
it útsicht sil foldwaning jaan.

* Foto ‘Fortaleza Canyon yn Brazilië’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum