Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Transformearre Guatapé

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Guatapé, it boeredoarpke
dêr’t wrotten waard foar it bestean
op fêste grûn rûnom,
de boer koe foar syn risping gean.

Guatapé waard transformearre
ta margebiet, net troch de boer,
mar troch in sterke earm:
in daam seach ’t wiete lânskip oer.

Sjoch de wetterkrêftsintrale,
gjin boer koe tsjin dy stroomkrêft oan,
hy miste fêste grûn,
dy gie net oer fan heit op soan.

Rûnom riist rekreaasje
op, boaten farre op ’e stream
fan nij is dizze tiid
en fier it sicht as yn in dream.

* Foto ‘Guatapé yn Colombia’


admin

Maroon

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Maroon: oerlitten oan it lot,
mar ek de kleur fan de kastanje,
sa klinkt de namme fan de bergen
oan wjerskanten fan de mar
bedriigjend, donker ek de kleur,
de klimmer wurdt troch beide ferge.

De sinnestrielen nûgje út
om by de helling op te klimmen,
dan kin men wier wol ûnderfine
hoe’t ‘Maroon Bell’ klinke sil
al brekkend elke modderstien
om yn it wetter te ferdwinen.

Maroon: oerlitten oan it lot,
mar ek de kleur fan de kastanje,
sa klinkt de namme fan de bergen,
gearspannend, har komplot.

* Foto ‘Maroon Lake en Maroon Bells,
Colorado’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum