Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Louis Blériot as miuw

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Fleane tusken wolk en weagen
as in miuw dy’t sweve kin
fan ’t iene nei it oare lân,
dat hat de frije geast foar eagen.

Geast dy’t jong al sjocht nei wolken,
fantasearjend as in bern,
dat mei de miuw fljocht oer it strân,
gjin weet hat fan it lot fan folken.

Blériot liet ier al witte
dat er heger fleane woe
as miuwen boppe ’t fêstelân,
hy koe de sturt en wjukken mjitte…

… yn ferhâlding mei it bliuwen
yn de loft, wat barre soe,
iendekkers kamen út syn hân
mei wjukken op en del as miuwen.

Tusken wolk en weagen woed er
fleane oer in breed Kanaal,
wat slagge yn in moaie tiid:
foarútgong en in goed healoere.

Blériot soe fierder bouwe,
inkeld noch op grutte skaal,
ek fleanmasines foar de striid,
gâns folken rekken yn de rouwe.

* Foto ‘Louis Blériot’
** Foto ‘Earste flecht oer It Kanaal’

admin

Begjin Armeenske genoside

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Der is altiten in begjin
wannear’t it giet om genoside:
ûnderdrukking fan dat oare folk,
foar hegerop perfoarst te min,
dus lit it kolkje troch de die…
it is fan alle tiden.

Armeniërs begûnen mei
har rjocht fan stim en demonstraasje
tsjin ûnderdrukking fan har folk;
minachtsjend seach de foarst dernei,
as sultan daliks út ’e rie:
der is en bliuwt ien naasje.

Slaan útinoar wie it befel,
en del wa’t dan noch demonstrearret,
minder- en moardweardich is dat folk,
bestimd foar earst de dea, de hel
ferbrânt de rest fan ’t minne sie,
sa’t Allah iepenbierret.

Wat sa begûn, rûn nei de ein
fan in folsleine genoside
op ’e rest fan it Armeenske folk,
dêr wie de ein noch net mei sein,
omdat de Turk der oars yn stiet:
it wiene oare tiden.

* Foto ‘Krusige Armeenske frouwen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum