Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Peary en de Noardpoal

Skiednisbylden

fan ûnbekend*



Der wurdt wol sein: ‘It is net wier
dat Peary op ’e Poal west hat.’
Dochs wie ûntdekken wol syn fak,
it kâlde noarden wie him net te fier.

Wat wier is, wie syn iere plan
om nei it hege noarden ta;
mei ’t Griene Lân as tuskenplak,
gie hy fûl fierder as koelbloedich man.

Hy foer earst mei de ‘Roosevelt’
safier as ’t iis him hawwe woe,
hy fielde him dêr presidint,
de eskimo’s beskôgen him as held.

Mei fjouwer glied er oer it iis,
mar Cook wie ek al ûnderweis
as syn fûleindich konkurrint…
de Noardpoal seach it oan en joech gjin priis.

Der wurdt wol sein: ‘It is net wier
dat Cook en Peary dêr west ha.’
Gjin tsjûge wie doe op dat plak…
de Noardpoal wie foar har miskien te fier.

* Foto ‘Robert Edwin Peary’

admin

Leopold II

Skiednisbylden

fan ûnbekend *
fan ûnbekend**


Koe in folkemoardner kening bliuwe,
ien dy’t hannen hakje liet,
miljoenen deaden op ’t gewisse hie?
Jawis, hy koe dêrfan de fruchten priuwe,
want gjin blanke Belch dy’t dêrmei siet.

Sa liet Leopold syn saakjes driuwe
op it bloed fan ’t swarte folk.

Koe in kening iennichst eigner wurde
fan in Frijsteat út it sicht
fan ’t wrâldgewisse sûnder wize rie?
Jawis, yn Kongo hakken skerpe swurden
hannen ôf as keninklike plicht.

Sa liet Leopold syn saakjes driuwe
op it bloed fan ’t swarte folk.

Koe in kening-moardner ryk beleanne
wurde as de eigner fan
in lân dat yn potinsje alles yn him hie?
Jawis, dy sechtich oarders moasten kinne,
sa kaam Leopold wol boppe Jan.

Sa liet Leopold him blinkend driuwe
op it bloed fan ’t swarte folk.

* Foto ‘Kening Leopold II fan België’
** Foto fan bern mei ôfhakke hannen
(omdat se te min rubber ophelle hiene)  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum