augustus 2, 2020
fan ûnbekend*
fan Pierre-Auguste Renoir**
Syn libben, fol ympresjes,
makke Pierre-Auguste ferneamd,
hy seach it ljocht yn alle kleuren,
troch syn hân is ’t op ’e doeken streamd.
Hy siet mei stive fingers
stil te wachtsjen op ’e dea,
nei fjouwertûzen skilderijen
krong de reuma pynlik troch de lea.
Twa soannen, ynvalide
troch de oarloch, droech er mei,
it kriichsgeweld koe gjin meilijen,
’t makke yndruk op syn âlde dei.
Syn fingers wiene linich
doe’t er om him hinne seach
om op te heinen yn de kleuren
ljochteffekten, boarnen foar it each.
Syn jonge dagen streamden
net oerfloedich nei de jûn;
de dea joech oan syn keunst de wearde
fan ferneamdens, mear as ien miljoen.
* Foto ‘Pierre-Auguste Renoir’
** Skilderij ‘Selsportret’
juli 26, 2020
fan ûnbekend*
Gjin keizer mear yn ’t keizerryk,
de oarloch hat him ’t lân útjage,
gaos is oan it regear,
de frede freget om replyk,
der binne minstens tûzen fragen.
De frede freget kapitaal
en grûngebiet, it is oerfrege
foar it lân; it hat net mear
as skuldgefoel, in tryst ferhaal:
de eigen ear wurdt djip ferlege.
Dochs wurdt de grûn foar ’t nije lein:
de grûnwet om út neat te skeppen,
’t ferline nimt in kear,
mar ’t âlde is net djip ferslein,
de gaos sil noch jierren meppe.
En út dy gaos komt it ryk
dat swakken nei de kampen jaget:
Adolf Hitler oan ’t regear.
* Foto ‘Oarlochsynvalide yn Berlyn’