mei 5, 2020
fan ûnbekend*
fan Paul Mondriaan**
Sjoch nei de gaos fan de kriich
en freegje nei in heger sin
as wat de wapens biede kinne
oan mei bloed trochdrinze grûn…
der is in wrâld te winnen.
Te sjen is no in nije tiid
as antwurd oan de maatskippij,
dy hat wat oars as kriich fertsjinne,
fan reële regels frij…
der is in wrâld te winnen.
Mei eagen op in oare styl
kin wiere keunst de trochslach jaan,
de slach troch oare stilen hinne,
net oan wat men sjocht mear bûn…
der is in wrâld te winnen.
Sjoch nei de styl dy’t oarder biedt,
de harmony fan streek en kleur
yn plak fan gaos om dy hinne,
’t giet fan ’t strakke swart nei fleur…
der wie in wrâld te winnen.
* Skilderij ‘Gaos’
** Paul Mondriaan (1872-1944)
Skilderij ‘Komposysje…’
mei 3, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Margaretha Geertruida,
famke, berne yn in Fryske stêd,
har dûbelnamme is bysûnder,
mar te lang, wie lang net rêd
genôch en die foar oare ûnder.
Grinzen koe it famke net goed oer,
se bleau net stean, gie der oerhinne,
yn har lôge al it fjoer,
as diggelflammen soe it rinne.
Mata Hari,
dûnseresse oer tsientûzen myl,
har dûbelnamme is bysûnder,
koart genôch, folslein yn styl,
har linigens kaam oer as wûnder.
Grinzen wiene Mata Hari oer,
se gie der yn har styl oerhinne,
freon of fijân, ’t joech gjin moer,
sy waard fan elkenien freondinne.
Mata Hari,
dûnseresse fan de koarte doer,
se libbe dûbel, ’t wie gjin wûnder
dat foar har de rop klonk: ‘Fjoer!’
Sy bliuwt noch withoelang bysûnder.
* Foto ‘Mata Hari’
** Sêne út in film út 1920 ‘Eksekúsje’