Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Jonathan en Koos

Lyrysk Deiboek

Image

Lit ús hjoed sjen nei Jonathan,
in seemiuw dy’t fluch fleane kin,
syn wjukslach hie him yn de ban,
hy socht syn libbenlang nei sin.

Hy fleach de tiid troch hegerop
en hie op ’t lêst fan alles leard,
ûntdekte mear as wjuk en kop,
hat him wer nei de ierde keard.

Lit ús nei Koos syn libben sjen:
in wjukslach fluch de hichte yn
oant hy berikte libbenssin,
doe dreau er wjukbreed op ‘e wyn.

Hy skôge út ‘e hichte wei
it minskdom dat him driuwen seach
en wist dat syn bestimming lei
by al syn neisten, each yn each.

Sa wjukke hy it libben troch
mei ’t each op wa’t him nedich hie,
syn wjukslach klinkt nei ’t ôfskie noch,
in wolk fertelt oer hoe’t er wie.

Image

admin

Himelfytse

Lyrysk Deiboek

Himelfytse

P1010879

De wite streken oer it blau
ha oars net te betsjutten
dat ek fûgels moatte wolris gau,
it barde ûnder swarte sturten.

De fyts wiist op ’t ferplichte paad
foar minsken op twa tsjillen,
wat men moat, leit net yn ’t frije aard,
sa’n skytboerd sil gjin fytser drille.

Mar wiist it boerd de himel oan,
dan hat men it yn streken,
bannen sjonge op in blide toan,
sa’n tocht giet boppe hûndert preken.

Dy wite streken ha gjin doer,
hiel oars as krieën skite,
’t is mei himelfytsen al gau oer,
hoewol’t de bannen minder slite.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum