Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

De rook fan Snits

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De sinne riisde read,
de wyn kaam út it easten,
de stêd ried yn de dei
en hie noch net it measte
rûkt en preaun wat mei
de oeren oer har hinne waait.

Image

Ynienen lykwols kring
ik troch twa streamen hinne,
dêr’t wy as Snitsers net
sa bêst omhinne kinne:
pipermunt fan King,
fan ’t sikehûs de snert.

Image

admin

Nei de nacht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is op slach fan achten,
foarby it feest en stil yn
de moarntiid nei in koarte nacht
fan fluitsjende flitsen
dy’t útinoar spatten
yn kleurige stjerren
wylst kweade machten
troch knallen en bolderjen
ferbyldzjend oprotten.

Image

Mar gjin ferbylding is it
wannear’t foarby Ysbrechtum,
wylst de tongerbussen lizze
te rêsten fan de skotten
en kleurige ljochten
besykje fêst te hâlden
wat flitsen en stjerren brochten,
de keet noch trochdreunt
fan wat al heart by ’t âlde.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum