april 17, 2025
fan Dorothea Tanning*
De iene stiet, de oare leit,
wat wiist op it tsjinoer elkoar,
mar beide binne op ’e grins
fan bernetiid nei puberteit,
dêr stiet de dwerch noch foar.
Sy wol wol nei de oare ta,
dy’t mei de poppe lekker leit,
noch altyd nei har bernewinsk,
de dwerch hâldt har gefoel noch tsjin,
hoewol’t de holle draait.
It lichem bliuwt op ’t selde plak
yn opdracht fan de bernegeast,
sadat gjinien komt oer de grins,
wiidskonkich bliuwt de dwerch dêr stean,
benijd nei wa stapt earst.
* Dorothea Tanning (1910- 2012)
Skilderij ‘De freonekeamer’
april 3, 2025
fan Henri Ottevaere*
It kleed ferskilt mar
amper fan de hûd
en fan de feale snor,
dy’t net mear sprekt
fan ‘hjir bin ik’…
it is him sa wol goed.
De eagen sprekke
fan it hat goed west,
mar ’t is it no net mear,
der hat in brek
west… ‘hjir wie ik’…
wat bliuwt der oer as rest?
De rest sprekt him net
oan, it is al sein
wat hy eins sizze woe,
it is no krekt
as komt syn ik
meikoarten oan de ein.
* Henri Ottevaere (1870-1944)
Skilderij ‘De âlde man’