Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Frou mei iikhoarn en protter

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hans Holbein de Jongere*

Image

It sljochte folk is wiis mei hûn of kat,
benammen as se bûten rinne,
jout in aike as se binnen binne,
lit har fierder oer oan ’t frije lot.

Foarnamen binne sljochter op har dier
dêr’t sy perfoarst net sûnder kinne,
dat se mei har tûzen aikes winne,
oan har dagen bine, fel op hier.

Sa strielet ealfrou Lovell út de rêst
dy’t iikhoarn Restless har besoarget;
wylst it dier de hiele dei troch toarket,
tinkt de frouwe: It foldocht him bêst.

De keatting tusken tomme en syn poat
fertelt as byld de tastân flotter
as de tûzen aikes, dat de protter
sjongt fan frijheid op ‘e heechste noat.

* Hans Holbein de Jongere (1497-1543)
makke dit portret as diel fan in twalûk.
De skilder wie bekend om syn sekuere
wize fan wurkjen.

admin

Skippen op see

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan van de Cappelle*

Image

Wat is de see oars as de romte
dêr’t matearje weaget en op fart
en ’t skipsfolk fjochtet foar syn part
de dagen troch, foarby de kromte.

Dat is de driuw nei wer dy fierte
yn ferwachting fan it aventoer
en giet de berte hookstrooks oer,
dan kin dat folk it dochs net litte.

Sa lit de geast op see har bine
oan matearje dy’t gjin grinzen ken
en as der berne wurdt in bern,
dan bliuwt dat bûn oan syn ferline.

Dus dichtet Jan van de Cappelle
stimmich ’t seegemoed op stoffen doek;
de wolk dy’t nei de fierte lûkt,
lit dy fan harmony fertelle.

* Jan van de Cappelle (1626-1679),
in autodidaktysk skilder út Amsterdam,
sammele in grut tal keunstwurken.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum