Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Twa fammen

Keunst
PDF Print E-mail
Image
De keukenfaam fan Johannes Vermeer*

Dêr stiet se yn it finsterljocht
en jit de molke út mei fêste hân,
sa rint it libben troch de dei;
wat rûn, hat har foldwaning brocht,
sy stiet foar ’t folk fan Nederlân.

De bôle is har gouden brosj
mei diamanten út ‘e flochten koer,
sa brekt it libben yn de dei;
se rekket fan de krûk net los,
genietet fan har sulversnoer.

Dêr sit se yn it skimerljocht
en stoarret nei de oeren fan de ko,
sa krûpe oeren fan de dei;
wat kroep, hat gjin foldwaning brocht,
dochs bringt se molke nei Bordeaux.

Image
De molkfaam fan Bordeaux fan Francisco Goya**

* Johannes Vermeer (1632-1675)
wie in skilder fan it ljocht.
De keukenfaam is tagelyk realistysk
en monumintaal.

* Francisco Goya (1746-1828),
in Spaanske skilder,
hat de molkfaam werjûn
yn kleare kleuren
en mei koarte streken.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum