Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Twa Braziliaanske skyldpodden

Keunst
PDF Print E-mail
fan Albert Eckhout*

Image

Brazilië, ’t wie ús koloanje
mei as gûverneur en kommandant
in Johan Maurits dy’t fan keunstners
waard in fêste klant.

Brazilië, dat lân syn troanje
waard yn mannich bylden kleurich heind,
in Albert Eckhout hat as skilder
nea ’t fertrouwen skeind.

Hy seach in striid as yn ’t ferline
mei twa ridders ûnder ’t swiere skyld,
de tosken wiene harren lânsen,
’t kaam sa skerp yn byld.

Us Fryslân sil net oars ferskine
as mei dryste ridders mar dan bleat,
se hawwe sa deselde kânsen
of is ’t byld ferkeard?

Image

* Albert Eckhout (sirka 1610-1666),
yn Grins berne, gie yn 1636 mei
Johan Maurits (troch de Westyndyske
Kompanjy beneamd as gûverneur)
nei Brazilië om foar him lânskippen
en de natuer fêst te lizzen.


admin

Tsaremoard

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ilja Repin*

Image

Hoe’t de rúzje is ûntstien,
de striid him sa ûntwikkele,
wit de heit en oars gjinien
as Ivan de Ferskriklike.

Hy de tsaar, de oar syn soan,
ek Ivan, de ynskiklike,
wie bestimd foar troan en kroan
nei Ivan de Ferskriklike.

Tsaar en heit, dat wiene twa,
de tsaar, troch macht fernikkele,
sloech mei stêf en grime ta
as Ivan de Ferskriklike.

’t Oansjen koe de heit net ha,
it kleed, troch fuotten ribbele,
glied er raar oer út en sa
is Ivan foar him knibbele.

Soan en heit, yn namme ien
en ek fan siken en fan bloed:
‘Myn jonge, wat ha ‘k dien?’
‘Mar heit, it komt wol goed…’

* Ilja Repin (1844-1930)
hat it skilderij ‘Ivan de Ferskriklike
en syn soan Ivan op 16 novimber 1581’
skildere mei de bedoeling it minsklike
drama fan de tsaremoard wer te jaan:
de reaksje fan heit en soan.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum