Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Oan board

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean-Antoine Watteau*

Image

It is in frjemd mar leafdefol ferhaal
fan losse lju ta houlikspearen
dy’t, fereale by it Venusbyld,
ferstiene inkeld noch har taal,
it barde op Cithera.

In faam dy’t smachte nei wat leafdeslok,
hie har ferklaaid as fromme pylger,
loek sa losse lju dy’t folgen ’t byld
fan har ûntkommen oan de flok
oer ’t wetter nei Cithera.

Se kamen oan en seagen foar har út,
doe noch yn djippe meditaasje
oant se wiene by it Venusbyld,
dat noege ta in djippe tút
yn ’t paradys Cithera.

Nei’t Venus’ eachopslach syn wurk dien hie,
wie leafdeslok net mear te kearen,
mar de ein fan it idyllysk byld
kaam rap, omdat de faam wer gie
oan board, fuort út Cithera.

* Jean-Antoine Watteau (1684-1721)
makke it skilderij ‘Oan board, fuort út Cithera’
as eksamenwurk foar de Frânske Akademy.
It skilderij is basearre op it toanielstik
‘Les trois cousines’.

admin

Striid mei de ingel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Friso ten Holt*
fan Rembrandt**

Wat bestean is sûnder striid?
It slacht him swaaiend troch de tiid.

Image

Friso’s striid op grut formaat:
hoe hold er lykwicht yn ’t gefjocht;
hy fûn yn Jakob wat er socht,
beskôge him as libbensmaat.

Jakob kaam by grinsrivier
de Jabbok, breder as er tocht,
it like by it lêste ljocht
dat trochgean koe, mar ’t wie te ier.

Syn bestean rûn út op striid
mei ’t wite út ‘e hichte wei,
de nacht ferrûn en mei in swaai
waard hy belutsen by de tiid.

Ingeltiid rint troch ’t bestean
fan elk dy’t nimt de stream yn acht,
in stopplak, striid djip yn de nacht
en yn de moarntiid fierder gean.

Image

* Friso ten Holt (1921-?)
wurke as skilder yn Amsterdam.
Syn keunst waard yn Ingelân
heger wurdearre as yn syn bertelân.
Skilderij ‘Jakob yn gefjocht mei de ingel’
(264 x 294 sm.)

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Jakob wrakselet mei de ingel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum