Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Tiber betwongen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gaspar van Wittel*

Image

Rome, stêd fan it klassike heidendom,
dêr’t liuwen fromme lju ferskuorden,
fier klinkt noch dyn keizerlike rom,
mar letter waardst de kristenstêd,
bedimjend al wat oan dy skodde.

Tiber, stream fan rêst, mar as de stjalprein slacht
de stêd en giselet oer de weagen,
litsto jilde keizerlike macht
en brûst dyn wetter bûten ’t bêd,
de boargers skuorre grutte eagen.

Gaspar, skilder dy’t as tekener begûn
mei sketsen om de stream te twingen
yn it nije bêd oan boargers bûn,
dat nea it wetter brûst wer rêd
om Rome op ien ein te bringen.

* Gaspar van Wittel (1653-1736)
waard berne yn Amersfoort.
Hy ferhuze yn 1675 nei Rome,
dêr’t er earst tekeningen makke
foar de kanalisaasje fan de Tiber.
Letter wurke er dy út ta skilderijen. 

admin

As smoarge bargen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Herman Kruyder*
fan Peter Paul Rubens**
Image
It libben wie as smoarge bargen,
wrottend yn de modder om
as paradys,
nei skjin har nocht rap yn de slom,
gjin dreamen oer ferlies.Ynienen skoden smoarge skaden
yn de ljochte kleuren troch,
’t waard grau en fiis
op ’t skjinne bistehiem en sjoch
de bargedeadersgniis.

Fan playboy waard hy bargehoeder,
foar de wrâld omtrint ferlern
as baarch yn ’t hok
mei oare net om oan te sjen,
mar dreamend oer it lok.

Image

* Herman Kruyder (1881-1935)
wie in ekspresjonistyske skilder
dy’t syn ûnderwerpen ferbûn
mei alderpersoanlikste gefoelens.
Skilderij ‘De bargedeader’

* Peter Paul Rubens (1577-1640),
‘de Flaamske Rembrandt’,
skildere ûnder oare bibelske tafrielen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum