Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Nei de houliksnacht

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Hogarth*

Image

Sy hat har oanklaaid fan ‘e moarn,
noch yn de sûs rekt se har út
by ’t taffeltsje foar ien persoan,
krekt as fannacht op ’t grutte bêd,
se woe allinnich mar in tút,
is nei in etmiel slûch en sêd.

It wurd fan faar wie foar har wet:
‘Stean, dochter, foar dyn man paraat,
it hiele libben gjin ferlet,
hy is op ’t lêst aristokraat.’

Hy hie de klean de nacht troch oan,
hong dronken op ‘e plusen stoel
by ’t taffeltsje foar ien persoan,
wie fan gjin gean en kommen wis,
syn holle wie in tizeboel,
ien tút fanwege sifilis.

De tsjinner kaam mei ’t wize wurd:
‘Net inkeld stuollen steane wif,
de saken ek, jo witte ’t grif.’
Hy harke net, dus dan mar fuort.

* William Hogarth (1697-1764)
makke in searje fan seis skilderijen,
‘Marriage à la mode’,
dêr’t dit skilderij ek in ûnderdiel fan is. 

admin

Feroaring fan kleur

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Se hie it sneinske jurkje oan,
’t wie wyt en mem woe ha,
se soe der goed op passe,
want yn de wask wie ’t sa bedoarn,
se moast der jierren noch mei ta,
dus net op krûpe, ek net rosse.

Image

Se boarte mei har kleure bal
en hold dy fan har ôf
om op har jurk te passen;
ynienen seach se yn de fal
in wite do, de sturt wat blau,
in skeane fear, miskien fan ’t rossen.

Se naam him hoeden fan de grûn,
it wie gjin bal, mar licht
en sêft om fan te hâlden;
se soe him hâlde, earlik fûn
en hold him ticht by it gesicht…
har jurk… miskien wied er ferkâlden.

Jierren letter wie har jûpe bluodrich read,
se hie de krie har swarte keunstkes leard.

Image

* Pablo Picasso (1881-1973)
bylde it libben út
fan gewoane minsken (en bern).

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum