Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

It geneduo

Keunst
PDF Print E-mail
fan Juriaen Jacobsz*
fan Folckert Bock**

Image

In twatal genen waard it libben jûn,
se rinne troch de evolúsje hinne:
oanfal en ferdigening
troch minske, wylde baarch en hûn
en wa’t oerlibbet, sjocht de sinne.

In achttal hûnen dreau it gen op jacht,
sy draafden op ‘e rook fan bargespoaren:
oanfalle dat swinekring!
Se sprongen ta mei hûnemacht
fan siden, achteren en foaren.

Twa ruterlegers kamen elkoar tsjin,
de beide genen wiene net te hâlden:
oanfal en ferdigening;
sa kriich de evolúsje sin:
de ien waard held, de oar ferwâlde.

Image

* Juriaen Jacobsz (1624-1685),
berne yn Hamburch en stoarn yn Ljouwert,
skildere histoarjestikken en jachttafrielen.

* Folckert Bock (1632-1694),
berne yn Dokkum en stoarn yn Ljouwert,
wie in skilder fan rutergefjochten en lânskippen.   

admin

Ferklomme

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Image

Hoe waarm is ’t read fan it kafee
dat strielet fan de muorren ôf
om by it folk te kommen?
Op dit hjitte stee
sit stil dy frou.

Sy stoarret yn it flessegrien,
ferliest it fjoer fan ’t hege peil,
wat har yn ’t moarch ferklommet,
dus dan noch mar ien,
wêr oars har heil?

Hoe kâld is ’t blauwe bûtendoar
dat siget fan de muorren ôf
en kringt troch alles hinne?
Yn dit skrouske spoar
sit stil dy  frou.

Se neame har it biddelwiif
dat no de hân ferburgen hâldt,
der is dochs neat te winnen
mei fiif fingers stiif
en ’t strjitfolk kâld.

Image

* Pablo Picasso (1881-1973)
waard al jong beskôge
as in artistyk wûnderbern.
Frustrearre troch de tradysjonele
skilderkeunst ûntwikkele er
in nije artistike ekspresje.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum