Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Madame de Pompadour

Keunst
PDF Print E-mail
fan Francois Boucher*

Image

Dêr sit madame de Pompadour
yn ’t ljocht fan noch in skyltsje moanne
mei har stampark op ‘e achtergrûn;
nei har kraait net de hoanne
mear, it wie fan koarte doer.

Se wie de kar fan Loadewyk
en libbe fleurich as maîtresse,
los oan keninklike leafde bûn,
mar kâld waard doe har kessen
yn it Frânske keninkryk.

Dêr sit madame de Pompadour
foar har portret, dat amper liket
op hoe’t sy yn ’t hôf de leafde fûn;
sy wit net wat se siket
hjir, ’t rojale is no oer.

* Francois Boucher (1703-1770)
hie talint foar it skilderjen fan froulike sjarme,
mar de portretten liken net altyd op it model.
Hy skildere madame de Pompadour,
de maîtresse fan Loadewyk XIV, sân kear.

admin

Oant fiif telle

Keunst
PDF Print E-mail
fan Master fan de Abdij fan Affligem*

Image

Wol harkje nei in ryk en tryst ferhaal
fan prins Filips en syn Jehanne,
sy de dochter fan de Spaanske kroan
en hy in kreaze ridder yn metaal,
sy trouden yn de heechste stannen.

Hawar, it gie Bourgondysk der omwei
mei fleis en drank, ’t wie boppemjitte,
prins Filips woe ha in bern of fiif,
Jehanne die oan ’t rynske plantsjen mei,
mar fleur, dêr woe se neat fan witte.

Doe stoar har mem, Filips soe op ‘e troan
fan Spanje as der gjin yntrige
stiek yn ’t tsjil en ’t ridderlike hert;
Jehanne, widdo, wie der glêd mei oan:
fiif lytse plantsjes yn de rige.

De widdo, earst noch yn de moaiste klean,
woe fan gjin priel en pracht mear witte,
swijde, wosk har net en siet yn stank
en jiske, wêr koe sy noch hinnegean…
allinnich him wer yn de mjitte.

Dwylsinnich kaam se op ‘e deadegrûn,
dêr’t sy syn lyk nei boppen helle
en fan Burgos nei Granada brocht;
se ha har doe it kleasterlibben jûn
om oant fiif plantsjes ta te tellen.

* Master fan de Abdij fan Affligem
(namme ûnbekend) hat sirka 1500
acht panielen skildere foar dizze abdij.
Skilderij ‘Filips de Schone en Johanna
de Waanzinnige’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum