Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Libbenswiisheid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Hy siet yn ’t ljocht, mar seach de himel net,
syn each gie nei it inerlik
foar kleare kontemplaasje
om te reitsjen op ‘e wjuk:
de wiisgear syn sensaasje.

Hy siet dêr wol, mar seach syn wyfke net,
hoe’t sy fûl poke yn it fjoer
dat flammen krigen faasje,
foarmen bylden, joegen stjoer
oan eigen meditaasje.

Sy hie de bylden sjoen en seach no wol
hoe’t alles gie syn eigen gong,
ek yn har situaasje:
lôgjend fjoer doe’t syn noch jong
wie, lykwols no de graasje.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
kombinearre in persoanlike fisy
mei in perfekte technyk en stribbe
nei kontinue fernijing.
Skilderij ‘Wiisgear yn kontemplaasje’
Skilderij ‘Rembrandt syn mem as profetes’

admin

Reis op reis

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Image

Se wiene wer op reis
neidat se ’t folk fermakke hiene
mei har lea en grappen;
no efkes lins en yn petear
op ’t strân, want hjoed net noch in kear,
te waarm om troch te stappen.

’t Wie altyd ûnderweis,
omdat se ’t foar de minsken diene
mei har tryste stimming;
mar hjoed soe ’t oars, it wetter loek,
dus nei de brâning foar in dûk
en dan in oerke swimme.

Se krigen reis op reis,
gjinien woe har in stoer mear liene,
it wiene hurde klappen;
se stiene klomjend op it strân
en hiene hjoed gjin iten hân,
te wurch om troch te stappen.

Image

* Pablo Picasso (1881-1973)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum