Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Taaste en sweve

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Image

As kleur neat mear fertelt,
de foarmen binne wei,
ferskilt de nacht net fan de dei,
dan is ’t de taast dy’t telt.

Hy seach earst noch it read
en wist dat is de krûk
dy’t ik by ’t miel foar wetter brûk,
dêrby in bol, oars neat.

Hy docht it op ‘e taast
mei fingers troch de tiid
gefoelich sa’t dat langer giet,
de dei troch sûnder haast.

Sy sjocht se noch wol gean
mei ’t iene grutte each,
se wie in fûgel dy’t earst fleach,
no op termyk in earn.

Image

* Pablo Picasso (1881-1973)
Skilderij ‘Miel fan de blineman’
Skilderij ‘Frou mei misfoarme each’

admin

It âlde liet

Keunst
PDF Print E-mail
fan Viktor Michajlovitsj Vasnetsov*

Image

Hy song it liet fan troch de ieuwen hinne
striid, de âlde bard Bajan,
wylst fjouwer fingers oer de snaren strieken:
‘Harkje, striders, lear derfan,
jim kinne inkeld winne!’

En Igor, jonge noch, hy harke mei sân earen,
woe oer striid en oer it winnen leare.

It kaam safier, it lûd fan hoarn en tromme
rôp it leger op ta striid
en Igor focht as held, wist fan gjin wiken,
mar it swurd dronk bloed en tiid
en alle lûd ferstomme.

Dêr leit er, Igor, jonge noch, gjin swurd koe ’t keare
noch Bajan syn liet oer striders eare.

Image

Sa klinkt it liet fan troch de ieuwen hinne
noch oer Jan en alleman
dy’t foar it rjocht fan ’t frije libben stride:
‘Harkje, folken, lear derfan
hoe’t jim it rêde kinne!’

* Viktor MichajlovitsjVasnetsov (1848-1926)
begûn syn karriêre mei realistyske skilderijen.
Letter lei er him ta op it útbyldzjen
fan myten, leginden en mearkes.
Skilderij ‘De âlde bard Bajan’
Skilderij ‘Nei Igors fjildslach…’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum