Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Frouljusfingers

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Vermeer*

Frouwe wurkje! Sa woe God it ha,
de beide hannen út ‘e mouwe,
tsien fingers as de hiele wet,
dêr moat it yn ’t bestean op ta,
in oare oarder is der net,
lit froulju dêr mar op fertrouwe.

Image

Sjoch har sitten yn it folle ljocht
mei konsintraasje op ‘e klossen,
tsien fingers by it fine kant,
har skepping neffens plicht en rjocht
fan ’t froufolk dat de triedden spant
dy’t by in warber libben passe.

Sjoch har holle tsjin de lege hân
mei bloed troch alkohol fertinne,
fiif fingers liddich op it kleed,
net tsjin har sloardigens bestân,
fan God noch wet hat sy mear weet,
de duvel sil har siele winne.

Image

* Johannes Vermeer (1632-1675)
wie yn syn tiid de skilder fan froulju.
Skilderij ‘De kantwurkster’
Skilderij ‘In dronken sliepende faam oan in tafel’

admin

De skoattel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean-Honoré Fragonard*

Image

Hy wie markys en dûbel fan gefoel,
sakraal en tagelyk profaan:
syn leafde foar ús Leave Hear
yn kombinaasje mei dy foar de faam,
sa libbe hy mei dûbel doel.

De nachtwacht-hoeders hied er boppe ’t bêd,
klear wekker yn de âlde stâl
út leafde foar de lytse Hear;
sels wied er mei it jonkje like mâl,
mar leafde lei op dûbel mêd.

Dy jûn liet hy de faam de hoeders sjen,
sels stie er by de doar op wacht,
sy hie devoat de hannen gear,
hy rikte nei de skoattel foar de nacht
en sei: ‘It is safier, myn bern…’

* Jean-Honoré Fragonard (1732-1806)
skildere foar markys fan Véri
twa doeken, dy’t nêstinoar hongen:
‘De oanbidding troch de hoeders’
en ‘De skoattel’.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum