Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Ferfleine tiid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Emile Berchmans jr.*

Image

De tiid begjint yn ’t paradys
mei bern dy’t rikke kinne
nei giel en grien rûnom.
De rop klinkt: ‘Hjir en kom!’
Se ha in wrâld te winnen.

En as it pear de tiid ferstiet,
dan stekt it oer it wetter,
neaken noch mei fleur rûnom.
De rop klinkt: ‘Hjir winkt rom!’
’t Wurdt stadichoan wat letter.

Wannear’t it frommes rekket swier,
begjint foar har it lijen
mei op ’t lêst de bern rûnom.
Har rop klinkt: ‘Hjir en kom!’
Se kin gjin rêst mear krije.

De keardel wurket him yn ’t swit,
mar is it paad jûns bjuster,
want de loft set ticht rûnom.
De dea ropt: ‘Klear, dus kom!’
’t Wurdt stadichoan al tsjuster.

* Emile Berchmans jr. (1867-1947)
wie ien fan de fernijende keunstners
yn Luik.
Hy krige grutte dekorative opdrachten.

admin

Ik en myn suske

Keunst
PDF Print E-mail
fan Niek Rode*
fan Sir George Romney**

Image

Dêr sit se dan, myn suske,
fêstbûn oan de stoel,
oars falt se derby del,
en yn de hân de rinkelbel,
it is in stomme boel,
want ik moat op har passe.

Hoe krijt se ’t yn de plasse,
fan dat skelle lûd
krij ik de rinkel yn de kop,
se hâldt ek noait ris op,
ik pak myn hoedershoed
en sil op oaren passe.

Sjoch my as hoederinne,
nó ha ik it drok,
want skiepkes rinne blêtsjend fuort
en as ien oan my skuort,
dan krijt er mei myn stok,
gjin rinkel soe dat kinne.

Image

* Niek Rode (1732-1794)
wie in Deenske rokoko-skilder
fan û.o. portretten.

** Sir George Romney (1734-1802)
krige faak de opdracht om ek de bern
fan syn klanten te skilderjen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum