Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Glim

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Hy hat it goud fertsjinne
op syn hurde kop,
it hâldt no ienkear op,
wat is der noch te winnen?

De helm hat fan de fijân
west, is no fan him,
wat jout dy gouden glim:
in âldman is gjin frijman.

De dea sil him gau sjitte,
gjin kûgel rekke him
as kolonel mei stim
dy’t raasde om te hjitten.

No moat er ’t mar ferjitte
syn legermacht mei glim.

Sy hat de wrâld te winnen
mei har krollich hier
as helm, ’t is mear as sier:
mei har gesicht de sinne.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De man mei de gouden helm’
Skilderij ‘Jong famke by it finster’

admin

Potdikke

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Image

Wat stikken?
Syn eigen mouwen sieten raffels oan,
syn hûn hie skurve plakken op ‘e hûd,
hy wie fan earme lju de soan,
wat woe dy fint, ferdikke!

Neat stikken!
Hy goaide wol, mar mei in stikje hout,
der achteroan, it siet syn hûn yn ’t bloed,
gjinien waard rekke, it wie fout,
sa woe dy fint, ferdikke!

Yn stikken!
Hy seach dy fint yn hûndert partsjes stean,
it wie fansels syn fantasy, mar goed:
de raffels yn de kreaze klean,
in skurve hûd, potdikke!

Image

* Pablo Picasso (1881-1973)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum