Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Pinkie

Keunst
PDF Print E-mail
fan Sir Thomas Lawrence*

Image

Jamaica, eilân yn de tropen
dêr’t muzyk de dei troch klinkt
en ’t rinnen wurdt ta dûnsjen,
dêr’t it libben fammen winkt,
ferwachting komt yn plak fan hope.

Pinkie, faam fan wielde,
moast werom nei ’t heitelân
dat mei de wrâld de kennis dielde.

Stêd Londen, sintrum fan de ierde,
dêr’t Big Ben foar master slacht
om ’t fielen yn te bûnzjen
dat it giet om hearemacht:
dy klok sil ieuwenlang noch liede.

Pinkie, faam fan alve,
moast fan mem op it portret,
flamingo tusken grize wolven.

Pinkie, tolve wieste,
op Jamaica kaamst net wer,
noch ien kear fleane en doe gieste.

* Sit Thomas Lawrence (1769-1830),
in skilder fan ienfâldich komôf,
waard letter foarsitter fan de Royal Academy.
‘Pinkie’ is ien fan de populêrste doeken
fan alle tiden.

admin

Finsters

Keunst
PDF Print E-mail
fan F. Boulanger*
fan Michaël Borremans**

De finsters sjogge út ‘e hichte del,
de blauwe tusken wolken
dêr’t it flitst fan do en swel,
foar ’t folk de himeltolken.

Image

De finsters sjogge op it godsfolk del
as swarte himelbôgen,
hifkjend ’t rinnend swartrok-stel
oft dat de bea foltôge.

En rint ien by de broadsjekarre del,
oanbidt dêr god de mage,
dan wurdt drige mei de hel
en ’t folk fan ’t stedsplein fage.

’t Leit oars mei him dy’t yn de rite sit
fan finsters yn de muorren
sûnder dat hy ’t einspul wit…
om him gjin tsjerketuorren.

Image

Hy sjocht yn spanning op ‘e finsters del
en lit de fingers glide,
rekket oan by elke tel,
wit voodoo sil my liede.

* F. Boulanger (1819-1873)
hearde by de skoalle fan de
romantyske stedsskilders.

** Michaël Borremans (1963-…)
makke figurative skilderijen
mei faak in magyske sfear.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum