Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

De fiifde pleach

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Image

Fjouwer pleagen hiene west:
de reade Nyl as streamend bloed,
de sprong fan kikkerts nei de kiel,
langskonk-ynsekten as in floed
en brimzen yn it waarme miel,
mar farao fûn dat wol bêst.

Mozes gie doe nei ’t paleis
mei ’t swarte boadskip fan pleach fiif
dy’t griep de bisten by de kiel,
mar ’t kaam de stiifkop net oan ’t liif,
hy sette him oan ’t waarme miel
mei lapen poerbêst hynstefleis.

Wolken wâlen oer it gea
en fierden oan de bistepest
dy’t griep de dieren by de kiel,
mar ’t fegetarysk miel wie bêst
genôch foar farao, syn siel
wie sletten foar de massadea.

Farao hat fierder teld,
oant njoggen earst, doe kaam de nacht
en eangstich waard syn stive siel
dy’t sloech op eigen rûnte acht,
it needlot waard by tsien syn diel:
‘Jo soan is dea,’ sa waard him meld.

* William Turner (1775-1851)
skildere ‘De fiifde pleach fan Egypte’
yn in heroysk lânskip,
ien fan de skaaimerken fan de Romantyk.

admin

Oarlochsbylden

Keunst
PDF Print E-mail
fan John Trumbull*
fan Marc Chagall**

Oarloch swypket herten op
en lit it bloed troch helde-ieren jeie
foar de striid, lûd klinkt de rauwe rop:
‘Us naasje sil fiktoarje kraaie!’

Legers stampe oer de wei
nei frijheid, want dy wol it folk moarn priuwe,
foar Amearika in nije dei:
‘Jou acht en fjochtsje hjoed as liuwen!’

Image

Sjoch de dea fan generaal
Montgomery yn ’t hjitst fan ’t rekke sjitten,
mar gjin noed, it lân tinkt nasjonaal:
‘It monumint sil ’t witte litte!’

Op it netflues brânt it byld
fan eigen hûs en folk yn ljochte lôge,
op ‘e hûd ha se it skroeien field,
yn ’t libben byld en plak meitôge.

Image

* John Trumbull (1756-1843)
hat in searje skilderijen makke
oer de Unôfhinklikheidsoarloch
fan Amearika.
Skilderij ‘De dea fan Montgomery’

* Marc Chagall (1887-1985)
skildere de ferskrikkings
fan de oarloch yn (Wyt-)Ruslân.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum