Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Ferlerne soan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*
fan Pablo Picasso**

Image

Hy spile foar ferlerne soan
dy’t yn de kroech in faam bestriek
en dronk op noch mear wille,
want der wie neat wat him briek,
hy fierde ’t libben oant de moarn.

Hy dronk op ’t slagjen fan ’t tafriel
mei Saskia, syn leave frou
en soe har heger tille
as in kroechfaam yn de kou,
sa wiene sy dan ien fan siel.

De lichems binne lang al wei,
mar yn de himel ha se diel
oan allerhande tinten
dy’t har minge ta ’t tafriel
fan wille op dy iene dei.

God liet him ek wat oars noch sjen:
de felle kleuren fan ’t portret
dat maat Picasso makke;
sa’n tafriel dat doogde net,
hy fielde him as soan ferlern.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Selsportret mei Saskia’
(De ferlerne soan yn de kroech)

* Pablo Picasso (1881-1973)
Skilderij ‘Rembrandt en Saskia’

admin

Klandestyn

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jules Bastien-Lepage
fan Akseli Gallen-Kallela*

It wie op ’t fjild in gleone snein
nei alle dagen wrotten
yn de ûngetiid,
mar ’t alderlêste waard net sein,
’t gie net om seare fuotten.

Image

Nei tsjerktiid neat oars by de ein
as ’t meande fjild omrinne,
’t hong net ôf fan tiid,
mar ’t alderlêste waard net sein,
sy fielde har allinne.

Dêr siet se dan, de rok wer rjocht,
hy lei noch nei te hymjen,
hie it no oan tiid,
mar sei net wêr’t sy wol oan tocht,
de brek wie net te lymjen.

Dêr sit se dan, de fuotten wiid
en nêst har leit de poppe,
want it is syn tiid;
sy fielt it as har ûngetiid,
de help komt net fan boppen.

Image

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
Skilderij ‘Klandestine berte’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum