Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Simmerfolkje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Vermeer*

Image

De simmer bûcht him oer de stêd
en dûnset oer de Delftske dakken,
strykt de nok en pannen glêd
en fervet yn ferskate flakken.

De haven jout yn silhûet
de stêd stil wer, mar net dy’t steane,
want sy prate, sjogge net
yn ’t wetter hoe’t de wolken geane.

Dan skoot de sinne yn it blau
en skinkt de heechste toer syn franje,
grutsk is Delft op dizze bou
en ’t grêf fan Willem fan Oranje.

De ienfâld bûcht him oer it wurk
mei mannich klosse en ien tobbe,
hat gjin each foar ’t stikje swurk,
mar boartet mei de skiere krobben.

Image

* Johannes Vermeer (1632-1675)
hat foaral mei de kleuren sitroengiel,
bleekblau en ljochtgriis it ljocht heind.
Skilderij ‘Sicht op Delft’
Skilderij ‘It strjitsje’

admin

Oars as oare bern?

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gerard David*

Image

Hy weacht deryn, har jonkje groeit as koal
en is al moannen fan it boarst,
docht hy it oars as oare bern?
Sy mingt de molke mei wat moal,
’t is net oan him te sjen.

Syn eagen stean net oars, dy draait er nei
de brij lykas it berntsjes past
of lûkt har brochje him wol oan?
Har jonkje earst, sy komt dêrnei,
mar hy wurdt net bedoarn.

Syn hantsje hat de eigen leppel fêst,
want hy wol sels as oare bern,
mar mei sa’n kom is ’t gau in troep,
hy jout oars hielendal gjin lêst…
hy rûkt, de broekfol poep?

Sy draait de holle, stoarret troch it rút,
want bûten is syn wrâld te sjen
dêr’t hy him letter rêde moat,
sy krûpt him oan en jout in tút,
dit libben is mar koart.

* Gerard David (sirka 1460-1523)
wie de lêste grutte skilder
fan de Flaamske Primitiven
(Flaamske masters út ‘e
fjirtjinde en fyftjinde ieu.
Skilderij ‘De hillige Faam
mei de brijkom’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum