Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Mei it each op…

Keunst
PDF Print E-mail
fan Akseli Gallen-Kallela*

Image

Troch har hinne giet it hjoed:
ik ha sawat myn libben hân,
ferware bin ik as de peal
en spjalte is de droege hûd,
mar ‘k wol net dea, dit is myn lân,
begroeid, ‘k bin âld mar noch net keal.

’t Libben wie net sûnder noed,
mei earmoed, krupsje en in brân,
mar ‘k hie as widdo noch myn bern
en ek wat skiep, ik ha wol moed
noch om de kat, dy’t út myn hân
faak yt, sa lit ik efkes sjen.

Sjoch, dêr stiet de jongste sprút,
as wied er my de bek útstapt:
op bleate fuotten bûtendoar,
syn âlde beppes rappe snút
en as er ek de krie noch snapt…
dêr is ’t myn beppesizzer foar.

Image

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
bylde as Finske skilder
lânskip en kultuer (it epos Kalevala)
fan syn heitelân út.

admin

Kasjtjejej de Unstjerlike

Keunst
PDF Print E-mail
fan Viktor Michajlovitsj Vasnetsov*

Image

Dêr sit se oanklaaid op ‘e troan,
mar achter stiel en skoattel,
Kasjtsejej, dochter fan de tsaar,
noch hat se op har gouden kroan,
mar ’t foarlân is de woartel.

Har selskip is sabeare tsaar,
de macht dy’t har tamtearret
mei ’t kromme rustich Russysk swurd,
sy faam, sa faai mei him as faar,
in takomst dy’t mislearret.

Wa keart de jonge tsaresoan,
gjin stielen doar of skoattel:
‘Kasjtsejej, frou fan ’t frije folk,
sjoch ’t daagjen fan de nije moarn,
‘k hear ’t koeren fan de toartel.’

Sa sil it Russysk folk as faam,
befrijd fan ieuwen lijen
yn ’t selblok fan de stielen faar,
de woartel ruilje foar de flam,
dy’t lôget nei lang swijen.

* Viktor Michajlovitsj Vasnetsov (1848-1926)
begûn syn karriêre mei realistyske skilderijen,
letter lei er him ta op it útbyldzjen
fan myten, mearkes en leginden.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum