Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Mei sicht op…

Keunst
PDF Print E-mail
fan Vincent van Gogh*

Image

Ik ha it sjoen, de grauwe loften
boppe Drinte, op ‘e grûn
de smelle stripen grien
en rûn it nei de jûn,
dan wie ‘k mei har begien:
de nacht joech gjin belofte.

Ik ha my bûgd by ’t binnenkommen,
rikte heger as de doar
en rûn mei ’t strie yn ’t hier
nei foaren op ’t gehoar:
it lûd fan mins en dier
ha ‘k flokkend dêr fernommen.

Ik sjoch de fleur hjir alle dagen
fan Montmartres túnkompleks,
de wjukken yn de draai
en sa’t ien juster sei:
Parys by nacht mei seks,
belofte sûnder fragen.

Image

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Skuorren yn Hoogeveen’
Skilderij ‘Gesicht op Montmartre’ 

admin

Heine

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Hy hie as jonkje al nei see ta wollen
om mei te weagjen op ‘e wyn,
want neat wie him tefolle,
mar dat wie al jierren lyn.

As jonge wied er gek op stoom en seilen,
dy loeken him foargoed oan board,
dêr’t hy syn moed rap peile
koe: ‘Omheech mei kloer en poat!’

Image

By winterwaar mei snie en hege weagen
moast hy yn ’t want en weage mei,
seach kloer noch poat foar eagen,
stapte, griep, mar mis en lei.

Se blaasden stoom en reek en hisen seilen,
it dek wie skjin, gjin spatsje bloed;
hy glied, gjin praat oer keile:
‘Hein him op oan hân en foet…’

Image

* William Turner (1775-1851)
skildere in wrâld fan ljocht en kleur.
Skilderij ‘Sniestoarm’
Skilderij ‘Begraffenis op see’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum