Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Tekst tsjin de trend

Bibelbylden

fan Rembrandt*
Daniël

Belsjassar waard tige kjel,
want foar de muorre ljochten
fingers op, in hân dy’t wurden
skreau, in tekst dy’t net bekend
wie, tsjin de keninklike trend.

Belsjassar wie yn panyk,
liet Babels wizen roppe,
dy’t gjin eigen wurden hiene
foar de tekst, gjinien joech sels in hint,
de wurden bleauwen ûnbekend.

Oer de ûnbekende tekst
besleat de keninginne
rie te jaan: ‘Lit Daniël hjir
komme, oan it hof is hy bekend
en oan de dreamútlis wol wend.’

Daniël kaam doe op slach
foar Belsjassar, dy’t daliks
útlei wat te dwaan mei wurden
dy’t net pasten by de sfear,
dêrom oan Daniël de ear.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘It feestmiel fan Belsjassar’





admin

Waarnimmer Belsjassar

Bibelbylden

fan Frans Francken*
Daniël

Belsjassar naam inkeld waar,
ferfong syn heit yn Babel,
woe dat rûnom witte litte,
rôp de hege hearen op
om feest te fieren sûnder stop.

Tûzen sieten oan it miel
mei Belsjassar, de kening
dy’t waarnaam dat elk him eare
joech fanwege fleis en wyn,
oerfloedich gie dy drank deryn.

Dronken rôp foarst Belsjassar
dat wyn noch better smakke
út ’e bekers út ’e timpel
fan Jeruzalem: ‘Dus drink
út godlik sulver op myn wink!’

* Frans Francken (1607-1667)
Skilderij ‘Feest fan Belsjassar’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum