september 13, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Minskesoan, de kleare fisioenen
komme út, dy binne wier,
mar falske fisioenen
binne inkeld foar de sier.
Minskesoan, it folk brûkt faak it sprekwurd:
Dagen komme, geane ek,
lykas de fisioenen…
dus it nimt it net sa krekt.
Sis tsjin har: ‘De tiid is nei-oan kommen
dat it wiere fisioen
komt út, mar ’t fisioen dat
falsk is, wurdt net langer jûn.’
Minskesoan, hear hoe’t de minsken sizze
dat dyn fisioen noch lang
net útkomt, mar dat is net
wier, sy wurde no al bang.
Minskesoan, Ik ha lykwols te sizzen
dat myn wurd gjin útstel krijt,
want wat Ik sis, sil barre,
wat dyn fisioen foarseit.
* Yllustraasje ‘Fisioen’
september 9, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
It lân fan molke en fan huning,
fan fjilden mei giel weagjend nôt,
bewenne troch in tankber folk,
dat de Hear dêrfoar fereare…
mar no binne geast en lichem kâld.
It lân is hielendal feroare,
as teken ytsto beevjend brea,
it wetter drinkst wylst sitst yn noed,
want de Hear wurdt net fereare,
dat de honger swalket oer it gea.
As minskesoan hast dit te sizzen:
it folk yt brea mei noed en soarch,
drinkt wetter wylst it dêrfan griist,
want it lân leit der ferlitten
by, foar ’t folk is dan de Hear gjin boarch.
Yllustraasje ‘Bôle foar Ezechiël’