september 7, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Daniël seach him by ’t wetter stean
en tagelyk wie dêr in raam
mei op ’e kop twa hoarnen,
dêr’t er mei begûn te ramen
oant gjin bist mear op ’e poaten stie,
hy koe foarearst syn gong mar gean.
Ut it westen kaam in geitebok
mei op ’e kop in lange hoarn
dêr’t hy de raam mei stjitte
oant dat bist net langer rame
koe, want beide hoarnen wie hy kwyt,
hy moast werom yn ’t eigen hok.
Mar de geitebok kaam ek yn noed,
syn iene hoarn briek fan de kop,
dêr’t fjouwer oare kamen,
ien dêrfan begûn te ramen,
stjitte út ’e loft wei mannich stjer,
ûnthold de Himelfoarst de groet.
* Yllustraasje ‘Fisioen fan raam en bok’
september 4, 2024
fan ûnbekend*
Daniël wie yn betizing
oer de bylden dy’t er seach
fan fjouwer ûnfoech grutte bisten,
fan de himel kriich er ûnderwizing.
Fjouwer foarsten út ’e ierde
wei regearren mei in hân
dy’t sloech, ferskriklik wie it fjirde,
syn bewâld soe nei de delgong fiere.
Iuwenlang soe dat ryk duorje
mei tsien foarsten op ’e troan,
nei harren kaam in wrede kening,
want hy soe syn tiid mei liken fuorje.
Dêrnei kaam in folk dat hillich
leaude yn de heechste God
en yn in keninkryk dat ivich
duorre mei in foarst foar rjocht reewillich.
Daniël, feralterearre
troch de útlis dy’t er kriich
oer bisten, grutte keninkriken
rekken him, hy tocht oan allegearre.
* Yllustraasje ‘It fjirde bist’