Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Deastraf by it alter

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Caspar Luyken*

Joab, Davids legerkommandant,
fergeat net inkeld fijâns bloed,
hy hie begien in dûbelmoard,
wat brocht him ûnder Salomo yn noed,
syn flecht wie nei de goede kant.

Alterhoarnen rêden fan de dea,
sa tocht de legerkommandant,
mar doe’t er seach de boal syn swurd,
woe hy by ’t rikjend alter wol fan kant,
it plak foar noch in lêste bea.

Kening Salomo fûn dat wol goed,
hoewol’t syn dea gjin offer wie,
mar straf fanwege dûbelmoard,
dus wie de boal syn swurd rap út ‘e rie,
de holle rôle foar it bloed.

Image

* Caspar Luyken (1672-1708)
Tekening ‘Joab troch Benaja deade by it alter’ 

admin

Deadlik antwurd

Bibelbylden
PDF Print E-mail
’t Wie Salomo dy’t kening waard,
hoewol’t er net de âldste wie,
want earst kaam noch Adonia;
dy moast nei Salomo om rie,
mar doarst net nei de kening ta.

Dan nei Batsjêba, kenings mem,
sy kearde har gesicht net ôf
nei ’t sprekken fan Adonia;
dy woe Abisjach ha as frou,
dy fraach moast nei de kening ta.

Dus gie Batsjêba nei har soan
en frege foar Adonia
wat hy syn broer net freegje doarst;
de kening woe dêr net op ta,
want waard Adonia dan foarst?

Dus kearde Salomo him ôf
fan wat syn mem nei foaren brocht;
as antwurd kriich Adonia:
de libbensfraach is om ‘e nocht,
noch hjoed giet it op stjerren ta.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum