Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Gjin fertrouwen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Hoe kin men op de Hear fertrouwe
neffens ’t wurd fan de profeet
as honger lang de oerhân hat
troch tadwaan fan foarst Benhadad
fan Aram, bringer yn de need…
der waard op strjitte roppend rouwe.

Image

De eigen kening op ‘e muorre
harke nei de rauwe klacht
dat soannen tsjinnen al as miel;
de iene mem joech sa har diel,
de oar hold oer har bern de wacht…
de mantel fan de kening skuorde.

In rousek kaam it folk foar eagen
dy’t de kening droech op ’t fel,
omdat hy gjin fertrouwen hie,
tsjin ’t sizzen fan de godsman wie;
fel klonk it wurd: syn kop moast del…
wa hie fertrouwen yn in leagen?

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Hongersneed yn Samaria’

admin

Fier sjen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Eliza koe op ôfstân sjen,
trochseach de strategy fan Aram
en liet dy oan de kening witte,
dat gjin minske gie ferlern,
de fijân hat der wol mei sitten.

De foarst fan Aram wist op ’t lêst
oer ’t fiere sicht fan de profeten
en stjoerde tal fan legerweinen,
dat Eliza rekke fêst
yn Dotan, like de fersleine.

Syn bange feint, beheind yn ’t sicht,
seach op syn wurd in fjurrich leger,
in rûnte om de weinen hinne;
fijâns eagen moasten ticht,
dan koe Eliza foar har rinne.

Image

De Iene makke ’t leger blyn,
Eliza brocht it nei de kening,
dy’t fijâns bloed seach yn de strjitten;
profeten geane dêr tsjinyn
mei iten, lit it dus mar sitte.

* Yllustraasje ‘De fjurrige legermacht’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum