Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Driuwend izer

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

As hout it izer driuwe lit,
dan komt wat sonken is wer boppe…
wat elk in wûnder hjit.

Profetejonges woene ha
in nije wente mei mear romte…
it moast op beamkap ta.

It koe net sûnder de profeet
dêr tusken bosk en streamend wetter…
djip is in bilesneed.

Noch djipper sonk yn de Jordaan
it izer fan de liende bile…
sa kin ’t ferkeard beslaan.

Image

Eliza snie en brûkte hout
foar ’t boppekommen fan it izer…
wat driuwt, is goed fertroud.

Profetejonges hawwe boud
op grûn fan driuwend hout en izer…
soks giet noch boppe goud.

* Skilderij ‘Eliza en de bile’

admin

Sniewyt geskink

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Lambert Jacobsz.*

Gechazy koe net by ’t profetewurd
dat troch Eliza sprutsen wie,
mar rikte maklik nei geskinken;
dus kaam hy daliks ta de die,
sa wier de Iene libbet, moast er fuort.

De tsjinner liet al troch him hinnegean
wat hy nei foaren bringe moast:
twa jonge gasten as ferlechje,
sy wiene foar him as in foarst
mei blinkend sulver en twa pakken klean.

Naäman, wend oan lean nei’t wurke is,
joech dûbel nei wat frege waard,
Gechazy wie mear as tefreden,
hy gie mei dragers op ‘en paad,
mar wie oer wat noch foar him lei net wis.

Eliza frege nei Gechazy’s gean,
dochs wist syn geast de wierheid al
by ’t klinken fan de twadde leagen;
de tsjinner, fan geskinken fol,
waard wyt as snie fan hollekrún oant tean.

Image

* Lambert Jacobsz. (1598-1636)
Skilderij ‘Eliza en Gechazy’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum