Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Oaljestream

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Pieter de Jode (I)*

Mem
’t Widdolibben falt net ta,
twa jonges ha ik op ‘e noed,
sy wurde slaaf fanwege skuld,
sa wol men dat as mem net ha.

Soan
Learde heit net foar profeet?
Dan komt it ommers altyd goed,
it is net mem har eigen skuld,
Eliza helpt wol út ‘e need.

Eliza
Stiet dêr net in oaljekrûk?
Dat bytsje oalje wurdt in floed
yn pôt en panne, fiel gjin skuld,
it is gjin algemien gebrûk.

Mem
’t Lege libben rekket fol
as oalje floeit, wat jout wer moed,
it streamen makket frij fan skuld,
it kin om my as mem sa wol.

Image

* Pieter de Jode (I) (1570-1634)
Tekening ‘Eliza en de widdo’

admin

Leauwe yn it libben

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Leau it wûnder fan it wetter
troch Eliza yn it âlde Jericho;
it smakke min en deade bern,
noch ûnfoldroegen yn de mem;
it sâlt biet ta, de dea hold ho
en libben wetter smakke better.

Image

Net te leauwen dat doe letter
troch Eliza Bet-El rekke yn de rou;
it wie de skelle bernerop
dy’t narre om syn keale kop;
twa bearen bieten ta, dy knau
kaam oan… wa leaut noch nei de letter?

* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘Eliza ferflokt de bern fan Bet-El’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum