Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sprekkend byld

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

It byld stie elkenien foar eagen,
mar wat it sizze woe noch net,
dat soe troch ’t wurd fan Daniël;
hy hat de foarst en ek de wizen ret,
dy’t him as harren rêder seagen.

De Iene jout de kening gloarje,
fan ’t byld de holle, suver goud,
fan sulver is it twadde ryk,
fan minder oansjen, dat ek leger bout,
sels koper kin noch wol bekoarje.

Feroaring komt mei ’t hurde izer,
in ryk dat alles stikken slacht,
mar ’t izer mongen mei de klaai
kin net mear stean, in kening sûnder macht,
it hiele byld is de ferliezer.

De Iene sil de wrâld feroarje
mei ’t keningskip dat ivich is
en hurde machten stikken slacht…
de bylddream en de útlis wiene wis,
oan God en Daniël de gloarje.

* Ofbylding ‘It dreambyld’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum