Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Rjochtlike moard

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Maarten van Heemskerck*

Boer Nabot hie in druvehôf,
in erfenis fan heit op heit,
foar him it hôf fan Eden,
it byld spriek mear oan as it feit,
yn ien wurd tof.

Mar Achab, kening-buorman, liet
syn eagen oer de druven gean
en seach in hôf mei krûden;
hy hat boer Nabot sinten bean,
’t wie tsjin de tried.

De heitekoarde troch de tiid
sloech Achab út syn krûdefjild,
mar net de keninginne;
wa hie it oer in knoarre jild…
it gie om striid.

Izébel smeide in komplot
en brocht boer Nabot foar ’t gerjocht
fanwege dûbel laster;
twa tsjûgen liigden ûnfertocht…
wa tocht oan God?

Dat Achab kriich syn krûdehôf
nei ’t oardiel fan de stiennedea,
útsprutsen oer boer Nabot;
wa mealde om syn deade lea…
dy waarden stof.

Image

* Maarten van Heemskerck (1498-1574)
Ets ‘Nabot stiennige’

admin

Faaie ferliezers

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Beide foarsten krigen rie
oer hoe’t de striid ferrinne moast;
omdat de oarloch duorjend wie,
kaam wer de rop: ‘Kom op, wês wach!’

Arams kening Benhadad
moast stride yn it iepen fjild:
‘Om’t Israel in berchgod hat!’
Dat wie de rie fier foar de slach.

Achab kriich fan de profeet
it wurd dat God gjin fêst plak hie:
‘Bring kening Benhadad yn need!’
Dy rie fergrutte Gods gesach.

Beide foarsten foelen oan
yn ’t iepen fjild, de berch wie skier,
dat Benhadad foel fan de troan
en Achab sleat in faai ferdrach.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Tekening ‘Achab ferslacht de Arameeërs’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum