Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Hoséa

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

As profeet wie hy mar lyts,
in mantsje yn it stammeryk
fan tsien, dy’t thús gjin heil mear hie,
mar hy wie grut yn it gelyk
fan folk dat die nei rjochte rie.

Bloeide earst it stammeryk
troch twadde foarst Jerobeäm,
dy’t each hie foar mear jild, mear macht,
foar Baäl stie yn fjoer en flam,
de delgong kaam… wa hold noch wacht?

Wie ’t Hoséa, de profeet?
Syn libbensrin waard ta in byld:
de ûntrou fan syn eigen frou,
as hoer op alle manlju wyld,
lykwols dy iene bleau har trou.

* Romaanske keunst (12e-13e ieu)
Mozayk ‘De profeet Hoséa’

admin

Michaels rie

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

It wie de ingel Michael
dy’t him yn ’t lêstoan oppenearre,
earnstich spriek tsjin Daniël,
dy koe net oars as hearre:

‘No komt in tiid benearjend swier,
benammen foar dyn eigen folk,
mar foar syn takomst stean ik noed,
wa’t opskreaun stiet, sil grif ûntkomme;
de grûn giet iepen, stjerrend wier,
de wizen libje ivich goed,
har glâns is as in kleare wolk,
mar ivich is de dwaas ferdomme.’

Ít wie de ingel Michael
dy’t doe in boekrol advisearre,
skreaun troch Daniël,
dy hat it heimlik klearre.

* Ikoan ‘Aartsingel Michael’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum