Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Omslach nei Sanherib

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
Image

Sjoch him dêr stean, foarst Sanherib,
striidfeardich op ‘e oarlochswein,
syn machtsdrift ken gjin ein,
dat wrâldwiid wurdt syn keningskip.

Hy rydt nei Juda, want syn macht
waard troch Hizkia net erkend,
gjin omslach is him frjemd,
hy nimt him as fazal yn acht:

Foarst Sanherib, ik wie goed mis,
wês jo sa goed, gean by my wei
en nim de skatten mei
dy’t oplein wurde, want sa is ’t.

De skatting liigde der net om:
de timpel joech syn sulver mei
en ek it goud gie nei
de wide wrâld fan ’t heidendom.

* Reliëf út Ninevé

admin

Hizkia’s omslach

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Der kaam in omslach yn it lân
mei foarst Hizkia, dy’t Jeruzalem
ferbûn mei foarfaar David;
hy joech it trouferbûn wer stim,
sloech ta mei fêste hân.

Hy hat it heidendom ferslein:
de wijde stiennen spatten útinoar,
de peallen waarden spuonnen;
de prysters rekken yn de war,
har waard de wacht oansein.

Nechûstan, slang yn Mozes’ hân,
mei offers eare as in glêde god,
waard slein yn sechtich stikken;
sa trof elk ritueel dit lot,
’t ferbûn kaam wer ta stân.

De Iene seach de omslach oan
en skonk Hizkia foar de takomst moed
om grinzen te ferlizzen;
foar fijâns oanslach wie gjin noed,
de foarst joech oan de toan.

* Brânskildere finster út ‘e tolfde ieu
yn Canterbury Cathedral

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum